Wurktiidferkoarting CIBA

© Omrop Fryslân
De fakbûnen gean akkoart mei it ferlingen fan de wurktiidferkoarting by it gemyske bedriuw CIBA fan It Hearrenfean. It bedriuw hat bot lêst fan de ekonomyske krisis en makket sûnt jannewaris gebrûk fan de regeling foar hast alle hûndert meiwurkers.
CIBA makket grûnstoffen foar de ferve- en keunststofyndustry en eksportearret in soad fan dy produkten nei Amearika en Japan. Om´t de merk noch hieltyd sa goed as stilleit, is ferlinging fan de wurktiidferkoarting oanfrege.