Stasjon haven Harns jier ticht
Oer oardel wike giet it treinstasjon by de haven fan Harns ticht. Reden is it wurk oan it súdlik part fan de seedyk by Harns. Dy seedyk moat opknapt wurde om wer oan ´e wetlike easken te foldwaan.
Omdat it treinstasjon neist de seedyk leit, kin it ûnder it wurk net brûkt wurde. Dêrom ride der mear as in jier gjin treinen, mar bussen nei de haven.