Straf SC Cambuur fan KNVB

© Omrop Fryslân
SC_Cambuur hat fan it fuotbalbûn KNVB in boete fan 2500 euro ûnder betingst krigen. Se hawwe bepaalde formulieren nei de wedstriid SC Cambuur-Fortuna Sittard net nei wierheid ynfold, seit it fuotbalbûn. It giet om it saneamde 'meldingsformulier incidenten en wanordelijkheden'.
As SC Cambuur binnen in jier wer in flater makket, moat de boete betelle wurde. Fortuna Sittard hat deselde straf as Cambuur krigen.