Teater bliuwt mooglik dochs

© Omrop Fryslân
Teater De Plastic Engel yn Sint Jabik giet mooglik dochs net ticht. Ferline wike makke de eigner, keunstner Leopold_Wijdeveld, bekend dat er syn teater slute moat fanwege it grutte tekoart oan parkearromte by him foar de doar. Ferline wike rekken dêrtroch guon auto´s fan besikers skansearre en dat wie foar Wijdeveld de drip.
Hy hat de gemeente al faak oan west om ekstra parkearplakken, mar sûnder súkses. De keunstner hat no lykwols ynienen allegear oanbiedingen krigen.