Jonges slope boerd fan auto

26 feb 2009 - 10:36

De plysje hat ôfrûne nacht trije jonges oppakt foar fernielerij. It giet om twa Ljouwerters fan 18 en 19 jier en ien fan 17 út Veendam. Twa Ljouwerters hiene twa fan de fertochten by har hûs lâns rinnen sjoen mei wat ûnder de earm.

De man draafde nei bûten om te sjen wat der barde. Dêrop naaiden de jonges út. De man sette de achterfolging yn en krige ien fan de beide fertochten te pakken. It die bliken dat se in boerd fan in lesauto sloopt hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)