Plysje-auto mei hûn yn sleat

26 feb 2009 - 10:24

In surveillânsehûnebegelieder fan de plysje Fryslân is woansdeitejûn mei syn auto yn it wetter rekke. Dat barde op de Seedyk tusken Piaam en Gaast. De plysjeman wie ûnderweis nei in fjochtpartij yn Gaast.

Yn in skerpe bocht rekke er mei syn auto yn in slip, wêrnei't er de auto net mear ûnder kontrôle hie. Hy kaam mei de auto op de kop yn in sleat telâne. De plysjeman koe der sels útkomme en woe syn hûn rêde. De help kaam te let. De hûn wie dea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)