Twa ferwûnen by oanriding

26 feb 2009 - 10:11

By in oanriding yn Noardburgum binne woansdei twa minsken ferwûne rekke. In 20-jierrige autobestjoerster út Twizelerheide woe de Ryksstrjitwei opride. Se seach dêrby in 23-jierrige frou út Sumar yn har auto oer de holle. In oanriding wie it gefolch.

Beide froulju rekken ferwûne. Se binne mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)