Provinsje pakt krisis oan

Galema: yntinsyf mei krisis oan ´e gong
Provinsjale Steaten binne goed te sprekken oer hoe´t deputearre Sjoerd_Galema de ekonomyske krisis bestriidt. De partijen hiene in goed wike lyn frege om in needplan om de resesje yn Fryslân tsjin te gean.
Sa soene ynfrastrukturele projekten as de Sintrale As en de Heak om Ljouwert nei foaren helle wurde moatte om de ekonomy op gong te hâlden. Neffens Galema is de provinsje al yntensyf dwaande om dizze saken oan te pakken.