Finer earste aai 2008 bliid

Marten Scheffer mei it earste aai fan 2008
De finer fan it earste ljipaai fan 2008 is bliid dat er der ek dit jier wer op út kin. Marten_Scheffer siket de ljippen no al op al binne der noch net in soad. Ljipaaien binne der yn alle gefallen noch net.
Tiisdei hat de rjochter besletten dat it nije kontrôlesysteem foar it aaisykjen bêst genôch wie. Dêrmei sette er it sein op grien foar it aaisykjen dizze maitiid. Scheffer fûn it earste aai ferline jier op 6 maart. Hy tinkt dat it no letter wurde sil.