Nochris feest Alvestêdetocht

Rients Gratama op it Alvestêdefeest
Sa'n 300 minsken hawwe tiisdei yn De Harmonie yn Ljouwert it jubileumfeest fan de Alvestêdeferiening nochris oerdien. It giet om de minsken dy't net by it grutte feest yn jannewaris wêze koenen. Doe waard nei 3.000 minsken de ynskriuwing stilset omdat De Harmonie fol siet.
Krekt as by it grutte feest waard der tiisdei optreden troch Rients Gratama en Mindert Wijnstra. De Alvestêdeferiening fiert dit jier syn 100-jierrich bestean.