Galema: takomst foar aaisykjen

25 feb 2009 - 06:25
Foto: Omrop Fryslân

Faunabescherming makket net folle kâns by fierdere prosedueres tsjin it ljipaaisykjen. Dat tinkt deputearre Sjoerd_Galema. Hy reagearret dêrmei op de útspraak fan de rjochter dat de ûntheffing foar it ljipaaisykjen terjochte ôfjûn is troch de provinsje.

De rjochter kin him ûnder oare net fine yn de krityk fan Faunabescherming dat it nije registraasjesysteem fan ljipaaien per sms net wetterticht genôch is. Neffens Galema sille nije prosedueres dêrom net slagje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)