Ljouwert rekkent op resesje

© Omrop Fryslân
De finansjele reserves fan Ljouwert binne grut genôch om twa jier fan resesje troch te kommen. Dat seit wethâlder Krol fan finânsjes. Ljouwert makket him op foar de kredytkrisis.
Sa sil de haadstêd de gefolgen fernimme omdat it Ryk nei alle gedachten yn 2010 besparje moat. Fierder sille ek it tal útkearingen omheech gean en dat kostet de gemeente in soad jild. Ek stagnearjende ferkeap fan boukavels kostet de gemeente jild.