Adema: autoride mei 17 jier

24 feb 2009 - 16:07

Fryslân wol graach as earste begjinne mei in eksperiment foar it begelaad autoriden foar 17-jierrigen. Deputearre Adema hat de provinsje oanmelden foar de pilot. Ek foar de ynfiering fan it alkoholslot waard in proef mei Fryske frijwilligers dien.

Itselde soe barre moatte mei 17-jierrigen: nei in test soene se ûnder begelieding in auto bestjoere moatte. De ferwachting is dat sokke jongerein letter foarsichtiger rydt, it tal ferkearsgewonden soe omleech kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)