'Gjin Poalen yn simmerhúskes'

De gemeente wol gjin Poalen mear yn dit bungalowpark
De gemeente Lemsterlân wol net langer dat der bûtenlânske wurknimmers wenje yn simmerhúskes. In oanlieding is it tal klachten oer oerlêst fan Poalen op rekreaasjepark Iselmar op De Lemmer. In soad gemeentes binne op it stuit dwaande har húsfestingsbelied foar arbeidsmigranten oan te skerpjen.
De gemeente Lemsterlân fynt it tiid om wat oan de oarlêst te dwaan troch de regels formeel te hanthavenjen: permaninte bewenning fan simmerhúskes is net tastien.