Skoalle Wolvegea even ûntromme

© Omrop Fryslân
Iepenbiere basisskoalle De Heidepolle yn Wolvegea hat tiisdei in skofke ûntromme west. Yn de skoalle waard in gaslucht rûkt. Omdat net dúdlik wie wêr't dy weikaam mochten de bern nei it skoft net wer de skoalle yn.
De beukers dy't noch binnen wiene moasten de skoalle út. Letter die út ûndersyk bliken dat it net om gaslucht mar om lucht út it rioel gie. Dy kaam út in stik rioel dat net brûkt wurdt. Neidat de skoalle frisse lucht hie, koene de bern middeis wer nei binnen.