Obesitas-pasjint flugger helpe

It MCL sil minsken mei ekstreem oergewicht flugger en effisjinter helpe
It Medisch Centrum Leeuwarden kin minsken mei ekstreem oergewicht tenei earder helpe. Minsken mei obesitas dy't in magebân wolle of harren mage lytser meitsje litte wolle, moatte ûndersocht wurde troch in ynternist, in psycholooch en in diëtist.
Fan 1 maart ôf fine alle ûndersiken op ien moarn plak. Deselde dei noch oerlizze de trije partijen en bringe se advys út oan in sjirurch. Dêrnei wurdt beoardiele hokker operaasje it bêste is.