Samaritaan 'stelt' 80 bôlen

24 feb 2009 - 11:23

Kor Wijmenga fan Stichting de Barmhartige Samaritaan hat 80 bôlen stellen by de Aldi yn Sint Anne. De bôle stie by de winkel foar de doar.

Se wiene net ferkocht en de bakker soe se wer ophelje. Wijmenga tocht dat de bôlen fuortsmiten wurde soene en naam se mei. Hy seit se fuortjûn te hawwen oan in frou dy't soarget foar tsien pleechbern. Om't der sprake wie fan in misferstân hat de bakker besletten dizze kear gjin oanjefte te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)