PB Harkema hâldt enkête

© Omrop Fryslân
Pleatslik Belang fan 'e Harkema hâldt in enkête om de wenwinsken fan de ynwenners yn kaart te bringen. De resultaten wurde oanbean oan de gemeente Achtkarspelen.
Neffens Pleatslik Belang hat De Harkema grut ferlet fan betelbere hier-en keapwenten. De gemeente is dêr lykwols noch hieltyd net fan oertsjûge, seit de belangeferiening. Dêrom hâlde se no in enkête.