Krikket-toernoai op it H'fean

Krikket-training by Sportstad Hearrenfean (foto Martin de Jong)
Fryslân hat sûnt jierren wer krikketspilers. Cricket Club Friesland is dwaande om de sport op 'e nij te yntrodusearjen en mei súkses. Op it stuit binne der krikketlessen yn Sportstêd Hearrenfean en kommende sneon wurdt in toernoai hâlden.
De groep spilers bestiet no út sa'n 18 man, mar neffens foarsitter Carl Schultz kin dat ferdûbelje en oanfold wurde mei in jeugdploech. De klup is sels yn petear mei de gemeente oer in offisjeel krikketfjild.