Protest tsjin oven Harns

24 feb 2009 - 08:06

In bus fol tsjinstanners fan de ôffaloven yn Harns is tiisdeitemoarn ûnderweis gien nei de Raad van State yn Den Haach. Dêr tsjinnet in fersyk fan de Stichting Afvaloven Nee en de Waadferiening om de miljeufergunning foar de ôffaloven te skrassen.

Neffens de beide organisaasjes hat de provinsje net genôch rekken holden mei it feit dat de ôffaloven ticht by de Waadsee komt. Ek binne de tsjinstanners bang foar sûnensproblemen en lûdsoerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)