Ferlies foar Jong Cambuur

23 feb 2009 - 21:38

De beloften fan fuotbalklup Cambuur hawwe moandeitejûn op it keunstgers fan ONS yn Snits mei 3-0 ferlern fan Jong Haarlem. Al nei 11 minuten stie Cambuur mei 2-0 achter. Trije minuten foar it skoft moast Cambuur-doelman Robbert_te_Loeke it fjild ferlitte mei in reade kaart. Hy helle in spiler ûnderút.

Krekt op it momint dat de ploech út Ljouwert efkes in bettere perioade hie foel it tredde doelpunt foar Haarlem en wie de wedstryd definityf beslist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)