Estafette: 200.000 besikers

23 feb 2009 - 16:21

Mei 200.000 besikers yn 't earste jier is de megakringloopwinkel fan Estafette yn Ljouwert in grut súkses. Sneon fiert de profesjonele rommelmerk fan Omrin it ienjierrich bestean.

Yn winkel en wurkpleats wurkje 87 minsken. Guon op subsydzjebasis, oaren frijwillich. Om ekstra ynkomsten te krijen sil de kringloop yn 'e takomst ek hieltyd mear Fare Trade-produkten ferkeapje lykas houten bylden út Indonesië en Marokkaanske lampen. De direksje wol sa in nij publyk lûke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)