It byldhorloazje komt der oan

23 feb 2009 - 15:24

It byldhorloazje foar minsken mei in beheining komt hieltyd tichterby. Ferline wike is der in kontrakt tekene mei elektroanikakonsern Philips, dy't it horloazje meitsje sil. Der is in soad ferlet fan dizze Fryske útfining. Fan 't hjerst komme der tsientûzenen fan sokke klokjes op 'e merk.

Ben Bunt fan Akkrum is betinker fan it byldhorloazje. Syn dochter Nienke kin net klok lêze, se hat in ferstanlike beheining. Bunt hat it horloazje eins fral foar har ûntwikkele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)