Untsnapte seehûnen noch poater

23 feb 2009 - 14:53

De minsken fan 'e seehûnekresj hawwe gjin idee wêr't de ûnsnapte seehûnen op dit stuit binne. Trije naaiden út, ien is fuortendaliks fongen. Seehûnen Seppe en Emma bin noch hieltyd poater.

De seehûnen binne sjoen yn Burdaard, Ljouwert, Boalsert, Warkum en Hylpen. It liket derop dat de bisten de Alvestêdetocht oan't swimmen binne. De seehûnen binne ek sjoen yn de Snitsermar. Op dizze mar is ek in fangaksje hâlden, mar dy hie gjin súkses.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)