Stroomsteuring troch murd

23 feb 2009 - 14:03

In murd yn in heechspanningsmêst hat sneintejûn foar in stroomsteuring op It Hearrenfean soarge. Trochdat it foar koartsluting yn 'e mêst soarge, sieten in soad hûshâldens yn Hearrenfean-Noard en -West even sûnder stroom. Op de measte plakken duorre de steuring mar in minút, mar yn 'e serviceflat Heerenhage foel troch de skok de waarmtekrêftkoppeling út.

Dêrtroch sieten de bewenners de hiele jûn yn de kjeld en it tsjuster. Tsjin tolven wie ek dy steuring ferholpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)