Nuon: 1,3 miljard foar Fryslân

23 feb 2009 - 11:45

Oandielhâlder Fryslân fertsjinnet 1,3 miljard euro oan de ferkeap fan NUON oan it Sweedske bedriuw Vattenfall. Dat is de konklúzje út in mienskiplike parseferklearring dy't de beide enerzjybedriuwen moandei útjûn hawwe.

Vattenfall sil NUON yn seis jier tiid folslein oernimme. Mei-inoar betellet it Sweedske bedriuw dêr sa'n 8,5 miljard euro foar. De wearde fan de oandielen komt mei rinte op 10,3 miljard euro. Fryslân is foar 12,6 persint oandielhâlder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)