Omset haven Harns stik leger

23 feb 2009 - 11:22

De haven fan Harns hat yn 2008 flink lêst hân fan de ekonomyske krisis. Der is 20 persint minder yn- en útladen as yn 2007. Dat hat de haven moandei sels bekend makke. De fermindering jildt foar sawol de seeskippen as de binnenfeartskippen.

In wichtige oarsaak is dat der folle minder grint oanfierd is yn de haven fan Harns. Dat komt omdat it grint yn de Noardsee by Ingelân oprekket. It grint wurdt no út Dutslân helle en dan wurdt it net mear oer Harns ferfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)