OZB-belesting noch net omleech

23 feb 2009 - 11:19

Huzebesitters dy't de slúf mei de oanslach foar de gemeentlike OZB-belesting iepen meitsje, kinne noch wolris raar stean te sjen. Dongeradiel warskôget ynwenners dy't rekkenje op in legere oanslach dat dit net it gefal is, omdat 1 jannewaris 2008 de peildatum wie.

De weardedaling fan wenten is pas yn it lêste fearnsjier fan 2008 ynset. De gemeente is bang dat in soad ynwenners no 'ûnnedich' beswier meitsje sille, omdat de wearde fan it hûs no leger is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)