Plekkenpol ferkearsbrigadier

23 feb 2009 - 09:35

Wethâlder Wim Plekkenpol fan Weststellingwerf is moandei yn funksje as ferkearsbrigadier. Troch in ferkearsomlieding is it de kommende tiid ekstra drok op de krúspunten by de iepenbiere basisskoallen fan Wolvegea. De wethâlder helpt de bern mei it oerstekken fan de Sportleane.

Dêr is it folle drokker as oars omdat der wurke wurdt oan de Steenwijkerweg. Tiisdei en woansdei helpe amtners fan de gemeente Weststellingwerf de bern mei oerstekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)