Brân yn opfangplak jongeren

De flammen sloegen ta de ruten út (foto: Wiebe Veenstra)
In opfanglokaasje mei 17 jongeren fan de Terp yn Ljouwert is moandeitemoarn betiid nei in brân ûntromme. De brân ûntstie yn in keamer dy 't hielendal útbaarnd is. De earste melding fan de brân kaam koart foar trije oere binnen.
Trije jongeren en in portier moasten nei it sikehûs ta. Benammen omdat se reek binnen krigen ha. Ien jongere is licht ferwûne rekke doe 't hy sa gau mooglik út it gebou besocht te kommen. De plysje ûndersiket de oarsaak noch.