30.000 besikers by Racing Expo

Stunts by de Racing Expo (foto: Binne-Louw Katsma)
De auto- en motorsportbeurs Racing Expo yn it WTC Expo yn Ljouwert hat 30.000 besikers lutsen; 5000 mear as ferline jier. Dat seit Durk Osinga fan de organisaasje.
Hy ferklearret it tanommen besikersoantal ûnder oare troch in slagge publisiteitsstunt. Dêrby waard in bekende koereur út in Ingelsk autoprogramma nei Ljouwert helle: 'the Stig'. Al wie net elkenien der wis fan dat er it echt wie.