Ynbraak yn Hurdegaryp

22 feb 2009 - 14:25

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de ynbraak yn in kantoar oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp. Tusken freed 15.00 en sneon 07.45 oere waarden hjir trije doaren iepenbrutsen om deryn te kommen.

Dêrnei waarden ferskate kasten iepenbrutsen en waard der in pear hûndert euro stellen. In 55-jierrige man út Burgum hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)