Herstelwurk part A7 klear

© Omrop Fryslân
De herstelwurksumheden oan de A7 by Beetstersweach en It Hearrenfean-West binne klear. De dyk wie snein oan it begjin fan de middei wer hielendal iepen. Freedtejûn begûn Rykswettersteat mei it opnij asfaltearjen fan dit part fan de A7.
De dyk is dêr skansearre rekke troch de froast. Yn ferbân mei it wurk wie op it stik dyk ien rydstrook ôfsletten. Beide op- en ôfritten wiene ek in skoft ticht. Rykswettersteat reparearret op it stuit mear diken.