Ynbraak by restaurant Wommels

22 feb 2009 - 12:26
Foto: Omrop Fryslân

By in restaurant yn Wommels is sneontenacht in pear tûzen euro stellen. Tusken freedtejûn 23.00 en sneontemoarn 11.00 oere hawwe ûnbekende dieven de foardoar forsearre om deryn te kommen.

De plysje docht ûndersyk nei de ynbraak. De 50-jierrige eigner fan it restaurant oan 't Noard hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)