Ynbraak yn Drachten
Yn Drachten is tusken tongersdei en sneon ynbrutsen by in wenning oan de Koperslagerstrjitte. Der is in rút yntikke. De televyzje, de cd-spiler en de radio binne meinommen.
De plysje siket noch nei de dieder of dieders. De 45-jierrige bewenster hat oanjefte dien.