Jonge fernielt stopljochten

22 feb 2009 - 12:12

In 17-jierrige jonge út Nij Beets is yn de nacht nei snein oanholden nei't er in stel stopljochten yn Drachten fernield hie. De plysje seach de jonge rinnen yn 'e rjochting fan de Kaden.

Koart dêrnei skuorde er de kabels fan in ferkearsljocht los. Dat stie dêr tydlik. De jonge is meinommen nei it buro. Nei in proses-ferbaal mocht er wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)