Man hat stroomstjitwapen mei

22 feb 2009 - 12:11
Foto: Omrop Fryslân

In 19-jierrige man út Bûtenpost is yn de nacht nei snein yn Kollum oanholden om't er in stroomstjitwapen by him hie. De portier fan in hoarekagelegenheid oan de Foarstrjitte seach it wapen doe't de man nei binnen woe.

De portier hat it wapen fuortdaliks yn beslach naam. De plysje hat de man meinommen nei it plysjeburo. Hy sit dêr fêst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)