Wolvegeaster mishannelet man

22 feb 2009 - 12:06

In 24-jierrige man út Nijeholtpea is sneintemoarn betiid yn Wolvegea ynelkoar slein troch in 19-jierrige Wolvegeaster. Hy wie mei syn freon, in 24-jierrige man út Wolvegea, yn in kafee yn it doarp.

Syn freon krige rúzje mei fjouwer mânlju. Doe't de groep nei bûten rûn om it út te praten, sloegen de fjouwer de man út Nijeholtpea ynelkoar. Troch tsjûgen koe de plysje de Wolvegeaster oanhâlde. Hy soe de klappen útdield hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)