Net allinnich nijbou yn Burgum

It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel yn Burgum
De gemeente Tytsjersteradiel bringt de leefberheid yn acht doarpen yn gefaar troch allinnich yn Burgum nije huzen te bouwen. Noardburgum, Earnewâld en seis oare doarpen dogge in berop op it gemeentebestjoer om foaral ek bûten it haaddoarp de bou fan nije huzen ta te stean.
Yn de nije struktuerfisy stiet dat útwreiding foaral foar Burgum weilein is. Oan de westkant fan de Sintrale As moat yn de takomst in grutte nije wenwyk komme.