Flyers lûke de stân lyk

Winst foar de Flyers yn eigen hûs (foto Martin de Jong)
De Hajé Flyers ha sneontejûn dien wat se dwaan moasten: winne fan Nijmegen. De stân yn de play-offs is no 1-1 omdat Nijmegen freedtejûn de winst pakte. Op it iis fan Thialf waard it 5-3 mei de perioadestannen 2-1, 2-1 en 1-1. Travis Chapman (2), Hans Kroon, Michael Nason en Jamie Visser wiene de doelpuntemakkers foar de Flyers.
Woansdeitejûn falt de beslissing yn Nijmegen. De winner fan dy striid spilet fierder om it kampioenskip fan Nederlân.