Aris ferliest wer yn einfaze

21 feb 2009 - 22:37

De basketballers fan Aris Friesland hawwe de krúsjale útwedstriid tsjin Landstede Zwolle op in wol hiel pynlike wize ferlern. Nei ferlinging wûn Zwolle mei 105-101. Foar de ferlinging hie Aris mei noch oardel minút te gean in foarsprong fan fiif punten, mar it waard in ferlinging.

Wer kamen de Ljouwerters fiif punten foar, mar ek dy foarsprong joegen se fuort. Mei de stân 103-101 foar Zwolle en noch twa sekonden te gean, miste Rein van der Kamp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)