Elma de Vries wint KNSB Cup

Elma de Vries (foto: Martin de Jong)
Elma de Vries is sneontejûn yn Haarlem winneres wurden fan de KNSB Cup, Yn de tolfde maraton socht de âld-ynwenster fan De Haule de oanfal. Dat slagge, want De Vries bleau yn de finale it peloton krekt foar. Maria Sterk fan Hallum waard fiifde.
Yn it algemien klassemint hat Elma de Vries no in foarsprong fan 50 punten op ploechgenoate Sterk. Snein yn Hoorn is de lêste wedstriid, mar de winneres fan de Cup stiet al fêst: Elma de Vries.