Maklike winst SC Hearrenfean

21 feb 2009 - 22:01

De Sportklup Hearrenfean hie it sneontejûn net al te dreech tsjin Willem II. Yn it Abe Lenstra stadion waard it 3-1 foar de Feansters. Paulo Henrique en Kristian Bak Nielsen setten de thúsploech foar it skoft op in 2-0 foarsprong. Dy foarsprong hie folle grutter wêze moatten, mar benammen Willem II keeper Maikel Aerts woe gjin belies jaan.

Roy Beerens makke nei it skoft de 3-0, Mohamed Messoudi wie de skutter foar de ploech út Tilburch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)