Lieuwe Westra alfde yn Algarve

21 feb 2009 - 18:07

Lieuwe Westra fan Mûnein is yn de fjirde etappe fan de Ronde fan de Algarve yn Portugal alfde wurden. De etappe wie in tiidrit oer 33,7 km tusken Castro Marim en Tavira.

De tiidrit waard wûn troch Alberto Contador. Westra hie in achterstân fan 1 minút 31 op Contador. Yn it algemien klassemint stiet Lieuwe Westra, dy't dit seizoen syn profdebút makket, op it 22ste plak. Syn achterstân op lieder Contador is 3 minút en 19 sekonden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)