Dronken man oppakt op stasjon

© Omrop Fryslân
In 45-jierrige Frjentsjerter is yn de nacht nei sneon op it stasjon fan Ljouwert oanholden foar iepenbiere dronkenskip. Yn de trein fan Harns nei Ljouwert foel de man in frou lêstich dêr't er earder op de jûn mei op in feestje west hie.
De man wie sa ferfelend dat oare treinreizgers net yn doarden te gripen. Uteinlik belle de kondukteur 112 en waard de man op it stasjon oppakt.