Plysje siket ynkringer

21 feb 2009 - 15:44

De plysje siket in ûnbekende man dy't sneontemoarn sûnder tastimming yn in wenning oan de Lieuwenburg yn Ljouwert omstapte. De man belle oan by de bewenner (45). Hy sei dat er nei binnen woe om't er laptops te keap hie.

De bewenner sit yn in rolstoel en belle syn helpferlienster om't er it net hielendal fertroude. Doe't de helpferlienster by de wenning oankaam, folge de man har nei binnen. Hy frege om jild en pakte in pilske út de koelkast. Nei in skoftke gie er fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)