Seehûn sjoen yn Snitsermar

Seehûnen yn de kresj
Yn de Snitsermar by Offenwier is ien fan de beide ûntsnapte seehûnen fan de seehûnekresj yn Pieterburen sjoen. In gast fan Paviljoen Sneekermeer seach de seehûn yn de jachthaven by it paviljoen swimmen.
Meiwurkers fan de seehûnekresj binne ûnderweis om te sjen oft it bist te fangen is, al liket dat Lenie 't Hart sels net sa kânsryk op sok grut wetter. De bisten binne yn de wike dat se ûntsnapt binne, op ferskate plakken yn Fryslân sjoen.