Piet Paulusma op karnavalswein

Prins Piet op de karnavalswein
Op tal fan plakken yn it lân gie sneontemiddei de karnavalsoptocht wer ûnderweis. Yn Eindhoven, Lampegat dit wykein, stie dit jier in Fryske prins op de wein: Prins Oant Moarn dn Urste.
En dat is fansels waarman Piet Paulusma. Hy waard frege foar de eare troch feriening PSV Carnaval. De prins syn hofhâlding bestie út syn eigen bern.