'Blokhûs moat bestean bliuwe'

De Blokhúspoarte yn Ljouwert
It Blokhûs yn Ljouwert, de âlde finzenis, moat bestean bliuwe. It robúste gebou is in part fan de stêd en mei net ferdwine. Dat fynt Christine de Ruijter. Sy is arsjitekte yn Antwerpen en dosinte oan de universiteiten fan Delft, Gent en Liverpool.
De Ruijter spruts op in gearkomste, dy't troch arsjitekteburo TWA fan Burdaard organisearre wie. Foar it gebou moat in nije bestimming fûn wurde.