Arjan Stroetinga de rapste

Arjan Stroetinga (foto: Martin de Jong)
Arjan Stroetinga wie wer ris de rapste by de manlju maratonriders. Hy wûn yn Alkmaar de alfde wedstriid om de KNSB Cup. It wie foar de ynwenner fan Waskemar syn fiifde winst dit jier yn de KNSB Cup. Karlo Timmerman waard twadde, Bob de Vries tredde.
Mei noch twa wedstriden, sneon yn Haarlem en snein yn Hoorn, hat Arjan Stroetinga in romme foarsprong op syn ploechmaat Bob de Vries. Stroetinga hat 268,5 punten, De Vries 221,2. In dûbelslach foar de BAM-ploech sit deryn.